Finânsjes
Nei mutaasjes reserves bedrage de totale baten oer 2022 € 668 miljoen en de totale lêsten € 652,8 miljoen. Yn de ûndersteande tabellen stiet hoe’t de baten en lêsten opboud binne.
Baten
Ynkomsten |
Bedraggen x € 1.000 |
Provinsjale heffings |
72.777 |
Utkearing provinsjefûns |
227.523 |
Dividinten |
26.499 |
Untfongen rinte |
9.773 |
Oare algemiene dekkingsmiddels |
4.334 |
Oare baten |
68.127 |
Ut ‘e reserves helle |
258.973 |
Totaal |
668.006 |
Lêsten
As provinsje jouwe wy middels út foar de útfiering fan ferskate taken en aktiviteiten. Foar in part binne dat wetlike taken, lykas op it mêd fan Ferkear en Ferfier, Miljeu, Natuer en Fryske taal. Wy ynvestearje dêrnjonken ek yn ‘autonome’ taken lykas bygelyks Ekonomy, Underwiis en Sport. Wy hawwe dat yn de provinsjale begrutting yn ûndersteande programma’s ferdield. Yn 2022 hat de útfiering fan ús belied laat ta ûndersteande lêsten:
Lêsten |
Bedraggen x € 1.000 |
Bestjoer |
19.321 |
Ynfrastruktuer |
235.880 |
Omjouwing |
155.687 |
Ekonomy |
34.232 |
Mienskip |
72.383 |
Bedriuwsfiering |
89.020 |
Algemiene dekkingsmiddels en ûnfoarsjoen |
46.305
|
Totaal |
652.827* |
* Dit bedrach is ynklusyf € 125 miljoen foarming fan reserves
Jierrekkenresultaat
Ut de boppesteande tabellen docht bliken dat de baten heger binne as de lêsten. Nei mutaasjes reserves bedrage de totale lêsten oer 2022 € 652,8 miljoen en de totale baten € 668 miljoen. Dêrmei slút de jierrekken mei in posityf resultaat fan € 15,2 miljoen. Likernôch de helte fan dat resultaat is ûntstien troch frijfal op tydlike budzjetten.
Wy stelle út om mei-inoar € 5,8 miljoen fia resultaatbestimming nei 2023 en lettere jierren troch te skowen. Ien fan dy útstellen is it trochskowen fan de middels foar de WTC gebietsûntwikkeling fan € 4,9 miljoen. As de útstelde € 5,8 miljoen ynset wurdt, dan bedraacht de stân fan de VAR oan de ein fan de begruttingsperioade (2026) € 161,6 miljoen.
Bedriuwsfiering
Ferskate ûndersiken lieten sjen dat it needsaaklik is om de provinsjale organisaasje fierder te ûntwikkeljen. Nei oanlieding dêrfan is in programma organisaasjeûntwikkeling úteinset.
It syktefersom is oprûn, dat strykt mei it lanlike byld. Wichtige oarsaken binne koroana en gryp.