Gearfetting

Wat diene wy yn 2023?

Terug naar navigatie - Wat diene wy yn 2023?

Yn dizze jierstikken sjogge wy werom op 2023, it earste jier fan it nije bestjoersakkoart.

Understeand stelle wy ferskate ûnderwerpen en projekten oan ‘e oarder dêr’t wy yn 2023 mei sukses oan wurke hawwe, mar ek in tal ûnderwerpen dy’t opûnthâld oprûn hawwe of om in oare reden derút kypje. Wy slute ôf mei in finansjele blik op 2023.

Ynfrastruktuer

Terug naar navigatie - Ynfrastruktuer

Wy hawwe in pear wichtige stappen set foar in bettere berikberens yn Fryslân, lykas yn it Bestjoersakkoart ‘Oparbeidzje foar Fryslân’ oankundige waard. Foar it iepenbier ferfier is de Fryske buskonsesje 2024-2034 op 17 oktober 2023 gund oan Qbuzz. De gunning stiet op it stuit noch net fêst, de beswierproseduere rint noch (maart 2024). Dêrnjonken binne de tariedende ûndersiken úteinset dy’t nedich binne foar it nimmen de Startbeslissing Lelyline, dy’t de minister, sa wurdt ferwachte, ein 2024 nimme sil.

Wy geane troch mei de ynset op it ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid, mei ekstra prioriteit foar jongerein en âlderein. Wy wolle it tal deaden en ferwûnen yn it ferkear yn Fryslân tebekkringe, ûnder oare troch yn ús eigen ynfrastruktuer te ynvestearjen.

Yn 2023 hawwe der meardere petearen west mei it Ryk oer it ferfangen fan meardere brêgen, lykas dy by it Prinses Margrietkanaal en by de Slûs Koarnwertersân. Dat lêste hat ek te krijen mei de problematyk oangeande it fersâltsjen. In oar punt fan omtinken binne de oerbliuwende iepenbier tagonklike NABO’s (net aktyf befeilige spoaroergongen). De oanpak dêrfan is fertrage omdat ProRail noch gjin oerienstimming mei de rjochthawwenden berikt hat.

Ta beslút is der yn 2023 wurke oan it dien meitsjen fan in tal grutte ynfraprojekten, lykas De Sintrale As en Knooppunt De Jouwer. En yn 2023 is it beslút nommen om twa provinsjale trochfytsrûtes te realisearjen. Dy komme yn 2024 (N355 Quatrebras-Twizel) en yn 2025 (N358 Blauforlaet-Surhústerfean) yn útfiering.

Omjouwing

Terug naar navigatie - Omjouwing

We hawwe de ûntwerpfersy fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) by it Ryk yntsjinne. Dat programma moat yn de kommende jierren de basis foarmje foar it heljen fan lanlike doelstellings op it mêd fan stikstof, natuer, wetter en klimaat. Ek binne der fjouwer maatregelpakketten yntsjinne, mei konkrete maatregels dêr’t wy yn 2024 en 2025 fêst mei begjinne wolle. Nei konsultaasje fan it ryk moatte al dy stikken yn 2024 ta definitive fersys ferwurke wurde.

Ein 2023 hawwe wy ús romtlike aginda nei it Ryk opstjoerd. Dat wie de oanrin nei de werhifking fan ús provinsjale omjouwingsfisy (POVI). De nije Omjouwingsfisy is it oerkoepeljende beliedsramt dêr’t in yntegrale ôfwaging yn makke wurdt oer de ferdieling en ynrjochting fan de Fryske romte. Koartsein: hoe soargje wy derfoar dat Fryslân in leefbere, feilige en moaie provinsje bliuwt? Yn 2024 begjinne wy mei dat proses.

Natuer
It Natuerpakt is net tarikkend foar de ambysjes oangeande it opknappen en befoarderjen fan de natuer en bioferskaat. De petearen mei it Ryk dêroer rinne (op grûn fan FPLG en in midtermreview yn 2025). It giet dêrby bygelyks om it realisearjen fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN) en it realisearjen fan natuer yn subsidiearre behear ANLb (foar û.o. doelen oangeande greidefûgelbehear en KRW).

Yn 2023 is de fretskea, feroarsake troch guozzen, ferlike mei ferline jier omheech gien. De partijen dy’t der it measte mei te krijen hawwe (lânbou en natuer) wurkje yn in Regygroep oan in advys oer it nije guozzebelied. It opstellen fan it nije guozzebelied is fertrage omdat der mear tiid nedich wie om ta in goed advys te kommen foar it kolleezje fan DS. 

Der is yn 2023 úteinset mei it robúster meitsjen fan acht greidefûgelkearngebieten yn it ramt fan it Oanfalsplan Skries (greidefûgelplusgebieten). Fjouwer gebieten yn 2022 en fjouwer gebieten yn 2023. Dy gebieten kinne earst ôfmakke wurde as de neikommende ûnderdielen fan it Oanfalsplan Skries klear binne: langrinnende behearkontrakten, plus behearfergoedings en fertsjinmodellen.

Lânbou
Wy hawwe fierder útfiering jûn oan de lânbou-aginda. In part fan it budzjet is frijfallen. De plande iepenstellings fan GLB-subsydzjeregelings binne nei begjin 2024 trochskood.

Wetter
Wy wurkje oan in fitaal en fearkrêftich wettersysteem, mei in goede boaiem- en wetterkwaliteit. Fanwegen ferskate ûntwikkelings (lanlike beliedsûntwikkeling, nije ynsichten, wilens útfierd ûndersyk) moat it belied oangeande wetterkwaliteit by de tiid brocht wurde. Dêr is yn 2023 mei úteinset en dat wurdt yn 2024 oan de Steaten foarlein.
Wy sjogge dat de gebrûksdruk op it oerflaktewetter omheech giet, û.o. troch in tanimmen fan swimmers en rekreaasjefeart. Dêrnjonken sjogge wy in efterútgong fan de wetterkwaliteit troch de oerlêst fan algen en baktearjes. Dat wurdt feroarsake troch in hegere wettertemperatuer en mear ferheftige buien mei as gefolch dat der mear ôfspielt. Dêr is in soad omtinken foar, mar it sil noch wol in skoft duorje ear’t it wettersysteem robúst genôch is om de gefolgen fan it feroarjende klimaat op te fangen. De swimwetterkwaliteit yn Fryslân wie yn 2023 foar 50 fan de 53 lokaasjes lokkich goed oant tige goed. 

Feangreide
Der wurdt mei 6 programmalinen útfiering jûn oan de Fryske Feangreide-oanpak. Der binne ûnderskate gebietskommisjes aktyf binnen dy Oanpak. Yn 2023 is in nije kommisje úteinset: Idzegea. Der is besletten om foarearst mei de yntegrale gebietsûntwikkeling yn de Brekkenpolder op te hâlden. Reden dêrfoar is dat der noch te min draachflak yn it gebiet is om it opstelde Startdokumint yn in plan fan oanpak út te wurkjen.
Foar de fundearringsoanpak is yn ‘e simmer besletten hoe’t de Fryske oerheden de ynwenners fan it feangreidegebiet foarljochtsje kinne en stypje kinne by ûndersyk en oanpak fan fundearringsproblemen. Yn ‘e hjerst is de útwurking dêrfan úteinset.

Enerzjytransysje
Wy hawwe in part fan de opbringst fan it Wynpark Fryslân beskikber steld foar it duorsumer meitsjen fan mienskipsgebouwen. Sa kaam de opbringst fan de wynmûnen yn de Fryske mienskip terjochte. It resultaat wie ûnder oare dat 85 Fryske doarpshuzen en 46 sportakkommodaasjes duorsum makke binne.

Ekonomy

Terug naar navigatie - Ekonomy

De fiif ynvestearringsprogramma’s, dêr’t ynnovaasjes en sirkulêre ekonomy wichtige punten fan omtinken yn binne, dy’t wy yn ‘e mande mei belanghawwenden ûntwikkelje, binne yn konsept klear.
Fia ûnderskate subsydzjeregelings, al as net mei Europeeske programma’s lykas EFRO finansiere, hawwe wy mear ûndernimmers as rûsd berikke en stypje kinnen. Sa binne der bygelyks troch it Founded yn Fryslân programma 50 ynnovative start-ups begelaat.

Fanwegen de ekonomyske ympakt en it belang dêrfan foar Fryslân is der in seisde spearpunt oan de Blue Delta Fryslân tafoege, nammentlik Gastfrijheidsekonomy. De resultaten dy’t wy helje wolle op it mêd fan Rekreaasje en Toerisme, binne ûnderferdield yn de sân opjeften dy’t yn it belied ‘Gastfrij Fryslân 2028’ sintraal steane. Dêrby wurkje wy  der yn ‘e mande mei de Triple Helix partners oan dat Fryske ynwenners profyt hawwe fan in tûke groei fan it toerisme.

Mienskip

Terug naar navigatie - Mienskip

Leefberens
De resultaten wat Leefberens oanbelanget lizze op koers. De lêste iepenstellings fan it Iepen Mienskipsfûns binne ôfsletten. Mei-inoar binne der yn de perioade fan it – wilens foarige – IMF 918 leefberheidsprojekten honorearre.

Wenjen
Op it mêd fan Wenjen hawwe wy yn april 2023, yn ‘e mande mei it Ryk en de gemeenten, ús hanteken set ûnder de ynspanningsferplichting fan 17.700 nije wenten yn Fryslân oant en mei 2030.
Foarútrinnend op de Wet Versterking regie volkshuisvesting hawwe wy de petearen mei gemeenten en Fryske partners yntinsivearre. Dêrnjonken hawwe wy it idee fan in Frysk Wenplan inisjearre. Dêr sette wy yn 2024 mei útein en dêr wolle wy ús Fryske belanghawwenden yntinsyf by behelje.

Sport
Fia ferskate subsydzjes en subsydzjeregelings hawwe wy de sport yn ús provinsje in ympuls jûn. Dêrmei waarden ûnder oare Fryske sporten en grutskalige sporteveneminten stipe. By it projekt skoalreedriden hawwe wy ynset op mear sprieding troch de provinsje, yn stee fan ús te rjochtsjen op grutte skoalklassen yn de gruttere plakken. Dat hat derta laat dat wy 183 yn stee fan de plande 138 skoallen berikt hawwe. Trochdat doarpsskoallen faak relatyf lyts binne, waarden dêrtroch minder bern berikt as de doelstelling (7.662 yn stee fan 9.640).

Kultuer
Ek yn 2023 is wer yn de kulturele sektor ynvestearre. Fia de Stimulearringsregeling Kultuer en de regeling Iepenloftspullen hawwe wy wer in grut tal bysûndere kulturele produksjes stipe. Ek hawwe wy ferline jier yn musical De Tocht, dy’t ferline jier ek yn premjêre gien is, ynvestearre. Dêrnjonken hawwe wy derfoar keazen om noch net in nije regeling Museums & Keunstynfrastruktuer yn it libben te roppen, mar yn stee dêrfan de rinnende subsydzjes mei in jier te ferlingjen, om sa yn alle rêst de goede besluten nimme te kinnen.

Bedriuwsfiering

Terug naar navigatie - Bedriuwsfiering

Organisaasjeûntwikkeling
2023 wie in wichtich jier foar de ûntwikkeling fan de provinsjale organisaasje. It organisaasje ûntwikkeltrajekt dat al ynset wie, hat yn 2023 fierder stal krige. It trajekt rjochtet him op saken as liederskip, doelfêstens en bestjoerlike sensitiviteit. Mei it opstelde organisaasjeplan is der yn 2023 in nij organisaasjemodel ûntwikkele en ynfierd.

Ynklusiviteit
Yn it ramt fan de ambysje op ynklusiviteit en ferskaat helje wy de doelwearde, foar it traineeprogramma yn it algemien likegoed as it programma foar de statushâlders. Dat is wichtich foar it binen fan jong talint yn de provinsjale organisaasje. It tal partisipaasjebanen bliuwt wol wat efter op de stelde doelwearde. Wol is der troch de jierren hinne in opgeande line yn it al partisipaasjebanen. Ien fan de redenen, wêrtroch’t wy de doelstelling net realisearje is dat meiwurkers mei in doelgroepeferklearring partisipaasjewet dy’t fia in tsjinstferlieningskontrakt wurkje, noch net meiteld wurde meie. Der is wetjouwing yn tarieding dy’t regelet dat dat wol mei.

Digitalisearring
Op it mêd fan digitalisearring is yn 2023 in data-strategy ûntwikkele en is der in modernisearringsslach oangeande managementrapportaazjes trochfierd. Dêrnjonken hat digitalisearring in plak yn ús Gearwurkingsaginda 2030 mei de gemeente Ljouwert krige.

Algemiene dekkingsmiddels

Terug naar navigatie - Algemiene dekkingsmiddels

De totale lêsten yn ‘e begrutting 2023 bedrage goed € 587 miljoen. De mearjierrebegrutting nimt yn de kommende jierren lykwols ôf. De maatskiplike opjeften binne lykwols folle grutter en om ús ambysjes wier te meitsjen, sykje wy aktyf de gearwurking mei ús partners en nei finansieringsmooglikheden fan oare partijen, bygelyks fan it Ryk en Europa.
De mearjierrebegrutting is oant en mei 2030 slutend. Fan 2031 ôf sakket it begruttingssaldo ûnder nul. Dêrmei wurdt net foldien oan it útgongspunt út it bestjoersakkoart dat de mearjierrebegrutting struktureel slutend is. Foar no wurdt dat akseptabel achte. As der mear ynsicht is yn de ympakt fan de werferdieleffekten fan it provinsjefûns en mooglike oanpassing fan it provinsjaal belestinggebiet fan 2030 ôf is der noch genôch tiid om dêr op te antisipearjen mei eventuele oanfoljende maatregels.
It frij te besteegjen part fan de frij te brûken reserve (VAR) bedraacht oan ‘e ein fan dizze koälysjeperioade € 81,4 miljoen. Dat binne middels foar ien kear.

Finânsjes

Terug naar navigatie - Finânsjes

Nei mutaasjes reserves bedrage de totale baten oer 2023 € 591,1 mln. en de totale lêsten € 552,0 mln.. Yn de ûndersteande tabellen stiet hoe’t de baten en lêsten opboud binne.

Baten

Ynkomsten Bedraggen x € 1.000
Provinsjale lienings 72.889
Utkearing provinsjefûns 244.322
Dividinten 21.840
Untfongen rinte 16.291
Oare algemiene dekkingsmiddels 5.715
Oare baten 59.676
Ut'e reserves helle 170.332
Totaal 591.066

Lêsten
As provinsje jouwe wy middels út foar de útfiering fan ferskate taken en aktiviteiten. Foar in part binne dat wetlike taken, lykas op it mêd fan Ferkear en Ferfier, Miljeu, Natuer en Fryske taal. Wy ynvestearje dêrnjonken ek yn ‘autonome’ taken lykas bygelyks Ekonomy, Underwiis en Sport. Wy hawwe dat yn de provinsjale begrutting yn ûndersteande programma’s ferdield. Yn 2023 hat de útfiering fan ús belied laat ta ûndersteande lêsten: 

Lêsten Bedraggen x € 1.000
Bestjoer 19.917
Ynfrastruktuer 139.053
Omjouwing 147.394
Ekonomy 39.036
Mienskip 71.476
Bedriuwsfiering 94.685
Algemiene dekkingsmiddels en ûnfoarsjoen 40.427
Totaal 551.988*

* Dit bedrach is ynklusyf € 97,6 miljoen foarming fan reserves 

Jierrekkenresultaat
Ut de boppesteande tabellen docht bliken dat de baten heger binne as de lêsten. Nei mutaasjes reserves bedrage de totale lêsten oer 2023 €  552,0  miljoen en de totale baten € 591,1  miljoen. Dêrmei slút de jierrekken mei in posityf resultaat fan € 39,1  miljoen.

Wy stelle út om mei-inoar €  0,8 mln. fia resultaatbestimming nei 2024 en lettere jierren troch te skowen. As de útstelde € 0,8 miljoen ynset wurdt, dan bedraacht de stân fan de VAR oan de ein fan de begruttingsperioade (2027) € 81,4 miljoen.