Terug
Ambysje 7B: in fanselssprekkend plak fan it Frysk yn ús iepenbiere libben
- De langetermynaginda is liedend as it giet om gemeentlik taalbelied.
- Yn it ramt fan it Sichtberensakkoart en moasje 2938 fan de FNP wurde konkrete ferfryskingsprojekten (en de streektalen) útfierd, mar ek belied en ôfspraken makke oer de yntegraliteit dêrfan yn de takomst.
- Wy soargje der foar dat der in goede opfolging komt fan it Taalkado as it giet om de taaloerdracht nei in nije generaasje.
- Yn ôfstimming mei it Ryk en it Fryske fjild soargje wy foar de tastânkomming fan in nije BFTK foar de perioade 2024 – 2028.