Gearfetting

Enerzjyk Fryslân

Terug naar navigatie - Enerzjyk Fryslân

De oarloch yn Oekraïne en de dêrtroch ûntstiene ûnrêst op de enerzjymerk hat de wrâld om enerzjy en enerzjytransysje hinne op ’e kop set. Troch tanommen ûnwissichheid fan gaslevering en eksplosive priisstigingen, wurdt de ôfhinklikens fan tredden pynlik dúdlik. Fryslân set dêrom ekstra yn op enerzjybesparring oan ’e iene kant en wol tagelyk mei faasje tawurkje nei in selslevermodel foar gas en elektrisiteit. Wilens bliuwe de swierrichheden mei it elektrisiteitsnetwurk omtinken freegjen en wurdt der nei de provinsje sjoen om in rezjyrol te pakken. Fryslân giet ûnfermindere troch mei har ynset om yn 2050 ûnôfhinklik te wêzen fan fossile brânstoffen en al yn 2025 in duorsume opwek realisearre te hawwen fan 25%. Yn 2023 starte wy yn elts gefal fiif demonstraasjeprojekten op foar waarmtetransysje en akwatermy. Ek wolle wy 200 enerzjyscans útfiere en leverje wy de RES 2.0 op.

Grien Fryslân

Terug naar navigatie - Grien Fryslân

De stikstofoanpak wurdt de kommende perioade foarmjûn fia it Nationaaal Programma Landelijk Gebied (NPLG). Neist de oanpak fan stikstof wurde hjiryn de lanlike en provinsjale doelen oangeande klimaat, wetter en natoer opnommen. Essinsje is dat lanlik de kwaliteit fan de natoer ferbettere wurde moat, it wettersysteem robúster en sûner makke wurde moat en op wei nei in klimaatneutraal lanlik gebiet. In foarse ynset op natoerherstel en -behâld is ek nedich om sa romte te kreëarjen foar duorsume ekonomyske en maatskiplike ûntwikkelingen. Provinsjes bepale wat de set oan maatregels is dy’t nedich is om doelen dy’t steld wurde te heljen. Om safier te kommen bringe provinsjes de kommende perioade partijen yn gebieten byinoar. Dit fertaalt him yn in gebietsplan, dat yn july 2023 yntsjinne wurde moat by it Ryk.

Dêrneist gean wy yn 2023 fierder mei de útfiering fan it Fryske Utfieringsprogramma Stikstof foar de generike stikstofreduksje fan 25% foar alle sektoaren.

Binnen it NPLG is wettere ek in wichtige drager. Dêrby kin tocht wurde oan hydrologyske maatregels foar natoerherstel, it beheljen fan wetterkwaliteitsdoelen of it prinsipe dat wetter en boaiem liedend wurde yn romtlike oardering. De provinsje wurket gear mei Wetterskip Fryslân fia de BOVI (Blauwe Omgevingsvisie)/Blauwe Drager (provinsjale fyzje op in klimaatrobúste provinsje) oan in takomstfyzje dêr’t dit prinsipe yn útwurke wurdt.

Foar feangreide hawwe de kommende tiid yn de gebieten Hegewarren en Aldeboarn De Deelen in tal oankeapen plak. Foar de fundearringsoanpak beslute de Steaten ein dit jier hoe’t de Fryske oerheden de ynwenners fan it feangreidegebiet foarljochtsje en stypje kinne by ûndersyk en oanpak nei fundearringsproblemen. Fierder hat yn twa feangreidegebieten de útrol plak fan it oanfalsplan Skries: Aldeboarn De Deelen en Idsegea.

Yn it ramt fan it herstelprogramma bioferskaat wurkje wy ta nei ekologysk ynrjochte ‘stipelokaasjes’ fan de provinsje en nimme bioferskaat mei as oandachtsgebiet yn alle rinnende programma’s. Ek ynvestearje wy yn kennisûntwikkeling- en dieling, bewustwurding en edukaasje oer bioferskaat. Dêrneist meitsje wy aktiviteiteplan ‘Natoerynklusyf wurkjen’.

Agrarysk Fryslân

Terug naar navigatie - Agrarysk Fryslân

As lânbouprovinsje stypje wy boeren op wei nei de ‘fyfde griene stjer’, lykas dat yn ús bestjoersakkoart opnommen is. Dat betsjut tawurkje nei in ekonomysk rendearjende lânbou dy’t natoerynklusyf, grûnbûn en sirkulêr is. Us provinsjale Lânbou-aginda stipet boeren om dizze transysje meitsje te kinnen. Yn 2023 gean wy troch mei de konkrete útfiering dêrfan. Dit dogge wy mei ûndernimmers, ûndersyk/ûnderwiis en oare oerheden ûnder oaren mei de oprjochting fan in Fryske Fiedselkoöperaasje, ferwearding fan grûnbûn-wêzen, it opsetten fan in Frysk behearfûns en in koöperaasje foar Omrinlânbou.

Op 1 jannewaris 2023 set it nije GLB-NSP útein. Hjiryn wurdt fan de agraryske sektor in ferhege fergriening frege. As provinsje jouwe wy hjir útfiering oan en begeliede wy boeren by de transysje.

Undernimmend Fryslân

Terug naar navigatie - Undernimmend Fryslân

Ek foar ûndernimmers binne it ûnrêstige tiden. De effekten fan de wrâldwide pandemy binne noch fielber yn transport en beskikberens fan grûnstoffen, troch de oarloch yn Oekraïne binne ôfsetmerken ûnwisser wurden, der is in groeiend personielstekoart en de ynflaasje wurdt heger. Us ambysje om by de top 3 fan Europa te hearren op it mêd fan sirkulêre ekonomy wurdt sadwaande noch urginter. Wy wurkje oan in ekonomy dy’t bydraacht oan de brede wolfeart yn Fryslân.
Yn it ekosysteem sille wy yn 2023 fiif ynvestearringsprogramma’s ûntwikkelje yn oparbeidzjen mei stakeholders, dêr’t ynnovaasje en sirkulêre ekonomy wichtige oandachtspunten yn binne. Fia Founded in Friesland helpe wy startups/scaleups fierder om ympakt meitsje te kinnen en dêryn duorsum trochgroeie te kinnen. Yn ’e mande mei alle noardlike partijen sille wy yn TopDutch 2.0 de noardlike regio posisjonearje as in tige oantreklik fêstigingsplak. Wy sette hieltyd sterker yn op Europa: de Fryske projektemasine is fan start gien en sil ûnder de namme EuropaPact Fryslân kommend jier wurkje oan it ûntwikkeljen fan projekten en it oanlûken fan Europeeske middels.
Wy sette troch mei de ynset op saaklik toerisme en it sprieden fan (rekreative) toeristen oer de provinsje en oer it jier. Wy helpe mei oan it realisearjen fan edukative rûngongen binnen bedriuwen en besikerssintra. Wy fergrutsje de sichtberens en beleefberens fan Fryslân as wetterrekreative bestimming. Wy monitoare toeristyske data en diele de kennis dy’t dat opsmyt mei gemeenten ten ûndernimmers.

Leefber Fryslân

Terug naar navigatie - Leefber Fryslân

Friezen wurdearje de leefberens fan ús provinsje al jierren heech. Dizze wurdearring komt fuort út de omjouwing dêr’t se wenje mei in soad romte foar natoer, mar ek troch de mienskipssin dy’t ús provinsje typearret. En dat wolle wy graach sa hâlde. Dat dogge wy ûnder mear troch it stypjen fan leefberensinisjativen fan ûnderop, út de Mienskip wei. Ut it Iepen Mienskipsfûns (IMF) wei subsidiearje wy soksoarte inisjativen dy’t bydrage oan de leefberens. Wy stelle yn 2023 it IMF noch trije kear iepen, dêrnei rint it IMF ôf. Wy ferwachtsje takom jier wer sa’n 250 inisjativen betsjinje te kinnen. Hjirby wurde meardere doelen en opjeften berikt, lykas moetingsplakken, lânskip, kultuerhistoarje, bioferskaat en duorsumens. Dêrneist wurdt de metoade fan DoarpsûntwikkelMaatskippijen (DOM’s) yn Fryslân op dit stuit fierder útrôle. Yn 2023 sette wy hjirmei troch om op dy wize de gearwurking tusken gemeenten, doarpen en inisjatyfnimmers yn ús provinsje fierder te fersterkjen.

Yn ús sportbelied sille wy mei it Fûns Ynklusiviteit stimulearje dat elkenien dy’t dat wol de mooglikheid hat om te bewegen en te sporten. Wy drage by oan it projekt ‘Sport yn Beweging’, dat soarget foar in ynnovatyf online platfoarm dêr’t fraach en oanbod op it mêd fan sport/beweging ynsichtlik makke wurde foar de ynwenners fan Fryslân. Hjirtroch sakket de drompel om te sporten of om ris wat nijs te besykjen. Wy fiere lobbyaktivieiten út rjochte op it ynheljen fan in ynternasjonale hurdfytsronde. Sa’n evenemint kin in katalysator en kapstôk wêze foar it ferhastigjen en fergrutsjen fan ûnderskate (maatskiplike) inisjativen. Topsport ynspirearret net allinnich, mar sa’n evenemint draacht by oan it útdragen fan Fryslân as oantreklike wen- en ferbliuwsregio.

Op it mêd fan ‘wenjen’ stiet der yn 2023 in soad op ’e planning. Sa fiere wy, ek yn 2023, yn oparbeidzjen mei gemeenten rezjy op foldwaande wenningen en wenningen dy’t oanslute by it wenferlet fan de ynwenners fan Fryslân. Dêrneist sette wy troch mei de útfiering fan ús Utfieringsaginda Wenjen en meitsje wy, mei gemeenten en it Ryk, Wendeals, dêr’t yntegraal omtinken yn is foar alle aspekten fan de Folkshúsfesting en de wize dêr’t wy op gearwurkje wolle. Dy fertale wy nei regionale wenaginda’s dy’t wy alle jierren evaluearje en dêr’t dat nedich is op ’e nij ikerje. Yn 2023 nimme wy dêryn ek de nije prognoazes mei foar de húshâldensûntwikkeling. Ta beslút wurkje wy oan de ferhastiging fan de wenningbou. Hjirfoar wolle wy in Frysk Ympulsteam opsette. Wy sette hjirfoar middels yn út de Ryksregeling 

Op it mêd fan it soarch- en it sosjale domein is yn Fryslân troch de sektor de Fryske Previnsje Oanpak ûntwikkele. Ek wurdt wurke oan it troch de provinsje subsidiearre projekt Bloeisône Fryslân. Op 15 plakken yn Fryslân binne bloeisônes ûntstien. De bloeisônes ha ek in plak krigen yn ferskate Regiodeals, wertroch’t der ek wer nije bloeisônes by komme.

Bestimming Fryslân

Terug naar navigatie - Bestimming Fryslân

De fyts krijt yn 2023 ekstra omtinken. Wy meitsje ôfspraken mei gemeenten oer de realisaasje fan haadfytsrûtes oer langere ôfstân. Wy sette mei in nij programma ekstra yn op feilich fytsen foar 70-plussers, sawol op de gewoane as op de elektryske fyts. Ek meitsje wy in útfieringsprogramma foar it Regionaal Mobiliteitsprogramma foar de kommende 2 oant 5 jier, dêr’t ûnder de mear de realisaasje fan ‘hubs’ (oerstappunten) yn oan de oarder komt, plus de realisaasje fan nije laadpeallen.
Wy wolle ôfspraken meitsje mei it ryk oer ûnder mear de ferfanging fan brêgen oer it Prinses Margrietkanaal. Restearjende iepenbier tagonklike NABO’s (net aktyf befeilige spoarwei-oergongen) wurde oanpakt. Dêrûnder yn elk gefal de beide dêr’t de provinsje oan meibetellet (Deinum en Wjelsryp).
It ûnderhâldsnivo fan it provinsjale wege- en farwegenet wurdt yn 2023 ferlege fan ‘7’ nei ‘6’, sa’t Provinsjale Steaten besletten hawwe. Wy slute trije nije brêgen oan op de betsjinsintrale It Swettehûs yn Ljouwert.
Yn it iepenbier ferfier komme wy ta in gunning fan de Fryske buskonsesje 2024-2034. Mei it Ryk en de provinsjes Grins en Drinte fiere wy it MIRT-ûndersyk út nei de Lelyline. Ek meitsje wy ôfspraken mei it Ryk oer de eventuele desintralisaasje fan de sprintertsjinst (trein) Ljouwert-Swol, en fan de feartsjinsten nei de fjouwer Fryske Waadeilannen.

Fryslân 2028

Terug naar navigatie - Fryslân 2028

Fjouwer jier nei it Kulturele Haadstêdjier 2018 mocht Fryslân yn 2022 de earste triënnale fan Arcadia belibje. Hûndert dagen lang stie Fryslân wer even yn it teken fan kultuer, mei paradehynderkes as Bosk en Paradys. It wie mear as wolkom, want nei twa drege koroanajierren stie it ôfrûne jier yn it teken fan herstel. 2023 wurdt in wichtich jier yn de opmaat nei de twadde triënnale yn 2025. De earste kulturele produksjes yn ’e oanrin dêrhinne moatte takom jier al it ljocht sjen.

Fryslân set troch mei it stimulearjen fan it kulturele fjild, mei regelingen lykas Untwikkeling en Ynnovaasje. Dy sette wy ek yn 2023 wer iepen. Fierder wolle wy yn 2023 op syn minst sân eksposysjes yn musea dy’t it Ferhaal fan Fryslân fertelle en wolle wy 10 keunstynstellingen dy’t in edukatyf programma oanbiede.

Fanselssprekkend hâldt de Fryske Taal ús folle omtinken. Wy sjogge dat de ynset op it Frysk yn it ûnderwiis fertuten docht en dat it ûnderwiisfjild mei entûsjasme meihelpt om Taalplan Frysk 2030 te realisearjen. Dat betsjut net dat wy efteroer lynje kinne, wy moatte wurkjen bliuwe oan it brûken fan it Frysk yn alle sektoaren. It sichtberensakkoart en de Besjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) helpe dêrby. Yn 2023 sette wy troch mei Taalplan Frysk en gean wy oan de slach mei in nije BFTK 2024-2028. Ek sette wy yn op it realisearjen fan aktueel taalbelied by de Fryske gemeenten. Alle skoallen moatte op syn minst ien kear besite hân hawwe fan in skoalstiper en wy wolle trije nije sichtberensprojekten realisearje.

Gearwurkjend Fryslân

Terug naar navigatie - Gearwurkjend Fryslân

Krekt as middenbestjoer wit de provinsje dat it draait om it ferbinen fan de goede partijen op ferskillende skaalnivo’s. Wy wolle ús ynspanne om de besteande oerheidsgearwurking te optimalisearjen en ús yn Fryslân fierder ‘as ien oerheid’ te organisearjen. In dúdlike ûntwikkeling yn bestjoerlike gearwurking is de fierdere opkomst fan it gebietsrjochte wurkjen. Yn ’e mande mei partners yn de streken jouwe wy de gearwurking dêrom opnij foarm. By mear yntegraal wurkjen hearre ek mear yntegrale, bredere budzjetten, byinoar brocht yn minder regelingen as no.
It mei de mienskip wurkjen oan opjeften freget ek dúdlikens oer rollen en ramten by partisipaasje. Yn 2023 wurde boppedat nije wetten fan krêft (de Omjouwingswet en de wet Fersterking partisipaasje op desintraal nivo), dy’t oerheden derta ferplichtsje partisipaasjebelied op te stellen. Mei de beliedsbrief wurdt hjir ynfolling oan jûn.

Betelber Fryslân

Terug naar navigatie - Betelber Fryslân

De totale lêsten yn de begrutting 2023 bedrage rom € 482 mln. De mearjierrebegrutting nimt de kommende jierren lykwols ôf nei rom € 300 mln. De maatskiplike opjeften binne lykwols folle grutter en om ús ambysjes wier te meitsjen, bliuwe wy aktyf sykjen nei gearwurking mei ús partners en nei finansieringsmooglikheden fan oare partijen, bygelyks fan it Ryk en Europa.

De mearjierrebegrutting is struktureel slutend, op de lange termyn (2031) bedraacht it struktureel begruttingssaldo € 4,0 mln. Om ynspylje te kinnen op nije ûntwikkelingen wolle wy dit ferheegje nei struktureel op syn minst € 5 mln. as romte foar it folgjende kolleezje.

It frij te besteegjen part fan de frij te brûken reserve (VAR) bedraacht oan ’e ein fan dizze koalysjeperioade € 144,3 mln. Dit binne ienmalige middels.