Provinsjale begrutting 2018

De begrutting is it húshâldboekje fan de provinsje. Wat binne de plannen foar ús provinsje? Wat kostje dy plannen? En wat sille wy krekt dwaan? Yn it menu boppe oan de side kinne jo switche nei de begrutting fan eardere jierren.

Begrutting yn ien eachopslach

Gearfetting begrutting 2018

De útfiering fan it koälysje-akkoart is yn folle gong. Wy wurkje hurd oan it realisearjen fan ús ambysjes op it mêd fan krêftige mienskippen, in takomstbestindige ekonomy, in fanselssprekkende duorsumens, it Fryskeigene, in dynamyske omjouwing yn de moaiste provinsje en in modern bestjoer. It ôfrûne healjier hawwe wy as kolleezje fan Deputearre Steaten mei Provinsjale Steaten in proses fan werikerjen en bystellen trochrûn. Dat hat resultearre yn in werikerjen fan it koälysje-akkoart by de Ramtnota 2018.

Provinsjale Steaten hawwe yn dy ramtnota foar omtrint € 18 mln. oan ekstra ynvestearringen foar Fryslân opnommen, ûnder oare foar it oplossen fan knyppunten yn de ynfrastruktuer, in transysjefûns foar de lânbou en ynvestearringen yn duorsume enerzjy. Der binne ek foarstellen opnommen foar de gebietsûntwikkeling Sintrale As, de greidefûgels en de organisaasje fan de Nasjonale Befrijingsdei 2018. Foar de strukturele útdagingen om de opsinten motorreaubelesting hinne en de ambysjes op it gebiet fan kultuer, taal en ûnderwiis binne fan 2020 ôf struktureel middels beskikber. De provinsje ynvestearret yn Fryslân, mar hâldt ek in sûne finansjele posysje. Foar de langere termyn stribje wy nei in minimale strukturele romte fan € 5 mln. nei dizze kolleezjeperioade. Oan ’e ein fan de kolleezjeperioade is boppedat in frij te brûken reserve beskikber (VAR) fan goed € 100 mln.

Koartsein, de provinsje ynvestearret en is finansjeel sûn. De ekonomy lûkt wer oan, mar wy wolle ek fierder sjen. Dêrom sille wy ûndersykje hoe’t wy by in folgjende ekonomyske krisis goed taret binne. By de Ramtnota 2019 sille wy mei in útwurke útstel dêrfoar komme.

lees hele samenvatting
Print deze pagina